Premjêre Dútske film mei Fryske ûndertitels op Memmetaaldei

21 febrewaris

Yn it ramt fan Ynternasjonale Memmetaaldei organisearje it Europeesk Buro foar Lytse Talen (EBLT) en it Mercator Europeesk Kennissintrum yn de mande mei Slieker Film hjoed de Nederlânske premjêre fan de suksesfolle Dútske film Mittagsstunde. De film is basearre op de bestseller fan skriuwster Dörte Hansen. It EBLT presintearret de Platdútske ferzje, mei ûndertitels yn it Frysk. De film Mittagsstunde giet oer de bysûndere famyljeskiednis fan Ingwer en de – ek foar ús Fryslân – tige werkenbere feroarings op it plattelân en wat dy mei de minsken dogge. Wat bynt de plattelânsbewenners noch as alles ferdwynt? Kaartsjes binne hjir te keap.