Presintaasje nije roman Willem Verf

11 maart

Fannemiddei fan 15.00 oere ôf yn pop-up kafee ‘De Gouden Leeuw’ yn Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert: de presintaasje fan ‘De wûndere leafde fan Emine en Einte’, de nije roman fan Willem Verf. Nei in koarte yntroduksje troch de skriuwer, sil Tet Rozendal in tal lietteksten dy’t ûnderdiel binne fan it boek foardrage. Jaap Louwes soarget foar de muzikale omlisting. Fansels is it boek dêrnei te keap op lokaasje én yn de boekhannel.