Presintaasje ‘Sipke leart fierljeppen’ by NK fierljeppen jeugd Winsum

27 augustus

Foarôfgeand oan it NK fierljeppen jeugd yn Winsum rikt auteur en Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra har nije berneboek ‘Sipke leert fierljeppen / Sipke leart fierljeppen’ út oan Wisse Broekstra (Frysk Kampioen Junioaren 2022) en Brent Monsma (Frysk kampioen jonges 2022). ‘Sipke leart fierljeppen‘ is it fyfde boekje oer Sipke Pipermûs yn de twatalige Gouden Boekjes-rige, in gearwurking fan Utjouwerij Rubinstein en Utjouwerij Afûk. It boekje is tidens it NK yn Winsum te keap mar fansels ek te krijen by de boekhannel.