Presintaasjekonsert ‘Utsicht’

16 july

Tresoar, Afûk en St. Uitzonderlijke Producties (UP) hawwe yn gearwurking nij wurk fan de ferneamde Fryske skriuwster Aggie van der Meer út Boalsert útjûn. Hjoed wurde de bondel mei CD – mei komposysjes fan Hoite Pruiksma – ûnder de namme ‘Utsicht’ presintearre en oanbean yn de Martinitsjerke yn Boalsert. Mei meiwurking fan û.o. koar Capella Frisiae, tenorsolist Harry van Berne en Thijs Feenstra (foardracht). Mear ynformaasje en kaarten bestelle foar dit bysûndere barren: www.stichting-up.nl.