Foto: CRNielsen

Proazagedichtejûn

24 oktober

De Deenske proazadichter Carsten René Nielsen ferbliuwt fan ’t hjerst seis wiken yn Grins om nij wurk te skriuwen en oer te setten. Dichterskollektyf RIXT fûn dat in moaie gelegenheid om him út te nûgjen foar in Proazagedichtejûn, hjoed om 20.00 oere yn De Basuin te Ljouwert, tegearre mei Nyk de Vries en de gelegenheidsformaasje Reade Runen. Neidertiid is der noch in koart neipetear mei de performers. Op de jûn sil der yn it Deensk, it Frysk, it Nederlânsk en it Biltsk foardroegen wurde. Organisaasje en presintaasje is yn hannen fan Geart Tigchelaar. Yntree is € 4,00.