Sjochtip: FryslânDOK – Winterswannen

16 maart 17 maart 2024

Hoe fertaalst rou yn wurden? Twa Fryske skriuwers, Nynke Sietsma en Sytse Jansma, beskriuwe it yngripende ferlies fan in leafste. Harren ferhalen binne werkenber, harren wurden treastend foar oaren. Yn de FryslânDOK Winterswannen fan Karen Bies komme beide skriuwers oan it wurd. De útstjoering is op 16 en 17 maart, oan it begjin fan ‘e Boekewike, bij NPO2 en Omrop Fryslân. De FryslânDOK Winterswannen (de titel komt út in gedicht fan Sytse Jansma) giet oer de treast fan taal by rou. De skriuwers fine dy net allinnich yn it skriuwen sels, mar ek yn literatuer fan oaren. Op 19 maart is der ek in temajûn yn Tresoar oer literatuer en rou, mei de beide skriuwers.