Wiebe Kaspers, foto: Andres Fouché

Sjong-yn mei Wiebe Kaspers yn Obe

27 oktober

Wat is der moaier as om mei syn allen te sjongen of lekker nei Fryske lieten te harkjen? Wiebe Kaspers nimt it publyk tidens in ‘sjong-yn’ yn Obe mei op reis by Fryske evergreens en meisjongers del. Mei spesjaal omtinken foar it ferneamde liet dat Waling Dykstra skreaun hat: ‘Wat bisto leaflik rizende simmermoarn.’ Fierder mei bydragen fan Beart Oosterhaven en Daan Slagter. Elk is wolkom, oanmelde is net nedich. Tiid: 14.00-16.00 oere. Sjoch ek tresoar.nl.