Foto: Lân fan taal / Lucas Kemper Foto: Lân fan taal / Lucas Kemper

Slotjûn ReOpening LF2018

25 novimber
| 17:00 - 20:30

Elkenien is fan herte wolkom op it Aldehoustertsjerkhôf om noch ien kear mei syn allen stil te stean by it ôfrûne Kulturele Haadstêdjier. Mei in feestlike talkshow, stamppot, glühwein, sûkerbôle, de premjêre fan de KH2018 aftermovie en op ‘veler verzoek’ alle fjouwer Lân fan taal projeksjes, folge troch in bysûndere projeksje fan filmkollektyf New Noardic Wave. Foar alle ynfo sjochst op www.friesland.nl.