Foto: www.leeuwardencityofliterature.nl

Sneak peek Fryske poëzy mei Arjan Hut, Elmar Kuiper en Sigrid Kingma

12 juny

No’t it iepenbiere libben stadichoan wer begjint, organisearret de Westerkerk yn juny ûnder de titel ‘Vrij’ in pear yntime kulturele en literêre freedtejûnen. Leeuwarden City of Literature presintearret op freed 12 juny trije Fryske dichters, dy’t foardrage út nagelnij wurk. Ek dizze jûn de presintaasje fan de nije dichtbondel fan Arjan Hut. Tuskentroch kinst as besiker genietsje fan in ienfâldich, smaaklik miel. Der is beheind plak! Foar mear ynfo en reservearjen sjochst hjir.