Wrâld poëzydei

21 maart

Alle jierren is it op 21 maart ‘Wereld Poëziedag’ (World Poetry Day). Dy dei is yn 1999 ynsteld troch de UNESCO en hat as doel it lêzen, skriuwen en publisearjen fan poëzij te befoarderjen en omtinken te jaan oan de taalkundige ferskiedenheid troch poëtyske ekspresje. In moaie oanlieding hjoed ris yn de poëzy te dûken. Kensto de Dichter fan Fryslân? En sjoch ek ris nei it oanbod yn ús websjop of kom (nei de korona-krisis) del yn ús boekhannel. Bart Kingma makke okkerdeis in moaie dokumintêre foar Fryslân Dok oer poëzy yn Fryslân.