Foto: www.meerspanje.nl

Boeke- en roazedei by de Afûkwinkel

23 april

‘Wereldboekendag’ is in evenemint dat sûnt 1995 alle jierren op 23 april hâlden wurdt troch UNESCO ta promoasje fan lêzen, publikaasje en auteursrjochten. De datum waard keazen om’t dy dei yn Spanje al sûnt 1923 yn it teken fan boeken stie. Yn Kataloanje falt de dei gear mei it populêre feest fan Sant Jordi. Neffens oerlevering is it op dy dei gebrûk om mannen in boek te jaan en frjoulju in roas. Barcelona feroaret dy dei dêrom yn in enoarme ieplenloft-boekwinkel anneks blommist. Leuk! Dêrom hjoed yn de Afûkwinkel in boeke- en roazedei! Lês der hjir mear oer.