Ynternasjonale Memmetaaldei 2023

21 febrewaris

Elk jier wurdt troch de UNESCO op 21 febrewaris de Ynternasjonale Memmetaaldei fierd. Dy dei stiet yn it teken fan it taalkundige en kulturele ferksaat en meartaligens. Troch de memmetaal yn eare te hâlden, bliuwe taalkundige en kulturele tradysjes bestean en wurde minsken har mear bewust fan de ferskillen tusken etnyske groepen. Dat laat ta mear begryp foar elkoar. Begryp is ek ien fan de yngrediïnten fan de nije Fryskpraters-kampanje fan Praat mar Frysk en spesjaal op memmetaaldei kinsto immen dy’t it Frysk leard hat of dwaande is om it te learen in leuk kaartsje stjoere. Dochst mei?