Foto: de lêzende minsk, de Moanne 2018

#zomerlezen; wat lêsto dizze simmer?

1 juny 30 juny 2022

Yn de moannen juny, july en augustus is it wer tiid foar ‘Zomerlezen’, in (lês)kampanje fan de CPNB. Earder rjochte de kampanje him op it spannende boek mar dizze simmer hat de kampanje in nije foarm en dêrom ek in nij geskink: wa’t yn juny foar minimaal € 15,00 oan boeken keapet, kriget fan de boekhannel in bondel koarte ferhalen kado, gearstald troch ien fan de bekendste boeke-ambassadeurs fan Nederlân: Matthijs van Nieuwkerk. Ek by de Fryske boek- en kadowinkel fan de Afûk!