Bestel no kaarten foar de literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer & Jetske Bilker

©foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen
Literêre jûn mei Ilja Leonard Pfeijffer & Jetske Bilker
Lokaasje: Westerkerk, Ljouwert
Ynrin: 19:30 oere, oanfang programma: 20.00 oere
Entree: €6,50 (eksklusyf service- en transaksjekosten)
Bestel hjir dyn tickets.
Oer Ilja Leonard Pfeijffer
Dichter en skriuwer Ilja Leonard Pfeijffer (Rijswijk, 1968) hat mear as 40 titels op syn namme stean, wêrûnder poëzij, romans, koarte ferhalen, toanielteksten, essays, wittenskiplike stúdzjes, kollums, oersettings en blomlêzings. Yn 2014 wûn hy mei syn roman La Superba de Libris Literatuerpriis. Foar dyselde priis waard hy yn 2019 nominearre mei syn roman Grand Hotel Europa. Op syn website kinst alles lêze oer syn libben en wurk: www.iljapfeijffer.com.
Oer Jetske Bilker
Skriuwster Jetske Bilker (Seisbierrum, 1960) publisearre ferskate romans – foar har debútrom Imitaasjelear krige se yn 1990 de Fedde Schurerpriis – mar skriuwt ek ferhalen en fersoarget (literêre) oersettings. Yn 2004 skreau se it Fryske Boekewikegeskink en yn 2018 en 2019 fersoarge se ek al de Fryske oersetting fan it Nationale Boekenweekgeschenk skreaun troch respektyflik Griet op de Beeck en Jan Siebelink. Mear oer libben en wurk fan Jetske Bilker fynst hjir.