Bondelpresintaasje Peter van Lier
Peter van Lier (Eindhoven, 1960) studearre filosofy en ûntwikkele him dêrnei as dichter en essayist. Syn poëzy waard bekroand mei de Poëzypriis fan de Vlaamse Gids en de Jan Campert-priis. Hy skriuwt yn it Nederlânsk, mar wennet en wurket al santjin jier yn Fryslân. It lânskip om him hinne beynfloedet syn gedichten, en net allinne ynhâldlik. De widens en de leechte fan it Fryske plattelân wjerspegelje har hieltyd mear yn de foarm fan syn gedichten, dêr’t ôfbrutsen rigels en wytrigels sa opfallend yn oanwêzich binne.
No te keap yn de boekhannel en fansels yn ús websjop.