Dit is de Afûk BoekeTIP10 fan juny

Boeken fan Fryslan
1 juny 2024
Alle moannen kieze wy 10 titels út foar ús BoekeTIP10. In boek fertsjinnet in plakje op de list omdat it bygelyks krekt ferskynd is of omdat it goed by de tiid fan it jier past. Of gewoan omdat it de muoite wurdich is om der in ljochtsje op te setten! Nûmer 1 is net mear of minder as nûmer 10. Dêrom neame wy it ek de boekeTIP10 en net de boekeTOP10. Ek foar de moanne juny ha wy wer in moaie seleksje makke!

Sjoch yn ús websjop hokker titels dizze moanne yn ús BoekeTIP10 steane of kom ris del yn ús Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert.  Yn de Afûkwinkel en -websjop fynst altyd it grutste én moaiste assortimint boeken en kado-artikels yn en oer it Frysk en Fryslân, foar alle leeftiden.

Dit is de Afûk BoekeTIP10 foar juny:

1) Pim en Pier
2) Simmerboek
3) Monuminteman
4) De hut fan Das (lêstip fan Keimpe)
5) IIsbaan yn ‘e maaitiid
6) FC Nostalgia
7) It Guozzeroer
8) Logboek Slauerhoff – Dagboeken en Reisverslagen
9) Rondjes om de kerken in Noord-Fryslân
10) Stip lûden op ‘e pleats