Ekstra! De heit&mem feestdagen-edysje

Berneboeke-ambassadeur Boeken fan Fryslan Frije tiid
19 novimber 2020
Neist de gewoane heit&mem - nûmer 2 is krekt 'vers van de pers' -  ha wy dit jier in ekstra online kadootsje foar jim: in heit&mem feestdagen-edysje! In waarm e-magazine mei  prachtige wintergedichten en -ferhalen, fijne boeketips, grappige bernepraatsjes, leave foto’s fan bern mei harren bear, desimbertips foar bern dy’t gefoelich binne foar al dy prikkels en Fryske sinteklaasgedichten dy’tst sa oernimme kinst. Mar ek it fertrietige mar moedige ferhaal fan de famylje Bierma, dy’t dit jier desimber fiere moatte sûnder harren leave Diemer (3).

De feestdagen-edysje fan heit&mem is fergees te downloaden yn de websjop fan de Afûk.

In protte lêswille tawinske!