De Afûk hat in spesjalisearre boek- en kadowinkel oan de Bûterhoeke yn Ljouwert, mar docht ek boekferkeap op lokaasje mei saneamde diskes (kramen). In diske mei in moai assortimint Fryske (berne)boeken  en boeken oer Fryslân is poer geskikt op merken, fairs en beurzen.

Wolsto in diske mei Fryske boeken op dyn evenemint? Nim foar mear ynformaasje kontakt op mei Ida Heddema fan de Afûk/Boeken fan Fryslân. Mail nei ida.heddema@afuk.frl of belje 058 234 3070.