Hoe leuk is it om mei dyn bern muzyk te meitsjen en Fryske ferskes te sjongen?

By de Afûk binne ferskate cd’s en apps ferskynd mei ferskes foar bern. Ek boeken yn kombinaasje mei in cd of muzyknotaasje. Om sa mei te sjongen of te spyljen! In hiel soad Fryske berneferskes fynst op heitenmem.nl en op tomke.nl of sykje op Spotify nei de playlist ‘Fryske berneferskes’.

Foto: Istock