Fryske skoalletelefyzje bestiet al mear as 20 jier! Der wurde Fryske programma's makke foar alle groepen fan de basisskoalle.

Foar de earste twa klassen fan it fuortset ûnderwiis binne dat dramasearjes. Yn it skoaljier 2017-2018 is der foar it earst in searje makke foar it middelber beropsûnderwiis. De programma’s wurde oanbean op ynternet, sadat skoallen sels bepale kinne wannear’t se de programma’s besjen wolle. Boppedat wurde de programma’s op woansdeis en freeds ek útstjoerd op Omrop Fryslân tv. Mear ynformaasje fynst op skoal.tv

Skoalle-tv makket ynspirearjende programma’s dêr’t bern troch laitsje, groeie, eigenwearde ûntwikkelje en in foarsprong krije.

Foar de jongste bern (2-6 jier) is der Kening Hert & Harry Hazze. Wat âldere bern (6-9 jier) kinne sjen nei it programma WitWat. Skik is der ek foar dy bern en de noch wat âlderen (9-12 jier), dêr’t boppedat Tsjek foar makke wurdt. Foar de ûnderbou fan it fuortset ûnderwiis binne de ôfrûne jierren de dramasearjes Bosk en De Koers makke. De vlogsoap fan Jennifer de Vries op YouTube is spesjaal foar it mbû makke.