De Praat mar Frysk-kroechkwis is de leukste Fryske pubkwis fan Fryslân! In pear kear it jier strike de minsken fan de Praat mar Frysk-kampanje del yn de gesellichste kroegen fan Fryslân

mei fragen oer de Fryske taal en kultuer. Fan sport oant skiednis en fan lokale roddels oant Fryske muzyk, it sit der allegear yn!

Wolsto ek ris in Praat mar Frysk-kroechkwis by dy yn ‘e kroech? Dat kin! Wy regelje it fergees en soargje foar in prachtich jûnfoljend programma om de Fryske taal hinne. Sjoch hjir foar mear ynformaasje.

https://youtu.be/U2VuBcEqn_8