Foar Fryske kaartspultsjes, puzels en memory kinst terjochte by de Afûkwinkel of -websjop en by online winkels lykas Friese Producten en Fryske Kadoos.

In greep út it oanbod:

Kwartetspul Fryslân. It bekende spultsje dêr’tst ûnderwilens ek noch wat oer Fryslân mei learst.

Letterfretter Kwartet. Helpsto de Letterfretter om wurden mei itselde lûd byelkoar te sykjen?

Keimpe de Krokodil memory. Sykje twa deselde plaatsjes byinoar. Slagget it ek om de wurden te lêzen?

Lêsplankje-puzel. Lekker âlderwetsk puzelje! Dat kin ek mei de Lêsplankje-puzel, 1.000 stikjes op A3 formaat.

Mei oare wurden is in spultsje dat soarget foar hilaryske mominten mei freonen en famylje. Slagget it om alle wurden binnen 30 sekonden te rieden?

De Leeuwarder Courant hat alle sneonen in Fryske krúswurdpuzel en ek yn ‘e Friesland Post stean Fryske puzels.