Frysker.nl Op Frysker.nl fynst taalhelpmiddels foar elkenien dy't (flaterfrij) Frysk skriuwe wol. Op dizze website, ûntwikkele troch de Fryske Akademy, wurdt jo in ferskaat oan fergees digitaal skriuwark oanbean, lykas in wurdboek, staveringshifker en oersetfunksje. Google Translate It Frysk is ek ûnderdiel fan Google Translate. Hjir kinne jo maklik Fryske wurden nei in hiel soad oare talen oersette en oarsom. Lykas by de oaren talen yn Google Translate is dit net in wetterticht systeem. It helpt jo om teksten en wurden te begripen  of te ynterpretearjen, mar it jout net altyd in flaterfrije oersetting.