Kommendeweis: Fryske Graphic Novel “Kyra” fan Elske Schotanus

Boeken fan Fryslan
4 april 2022
Sneon 9 april – by de start fan de nasjonale Boekewike – presintearret skriuwster Elske Schotanus (1957, Terbant) har nijste boek, de Graphic Novel Kyra, by de Afûk yn Ljouwert. Sawol de tekst as de yllustraasjes binne fan har hân. Nei har Facebook-roman De Raven (2020) ferrast Schotanus mei Kyra it publyk op ’e nij mei orizjineel, fernijend wurk.

De Graphic Novel Kyra spilet yn it jier fan de Rôt, it jier dat covid-19 elk syn libben behearsket. Foarseinen astrologen in jier skaaimerke troch lef en fertrouwen, it boadskip fan firologen soe ynearsten ienigens en letter ôfstân bringe. Kyra is de skiednis fan it ferlies fan in leafde tsjin in kleurrike achtergrûn fan sawol ienriedigens en ferbûnwêzen as eangst en skeel.

ÚTNÛGING BOEKPRESINTAASJE
Parse en oare belangstellenden binne fan herten wolkom by de boekpresintaasje op sneon 9 april o.s. fan 11.00 oere ôf yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert (Bûterhoeke 3).

PROGRAMMA
Om 11.00 oere is de ûntfangst mei kofje/tee yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel. Om likernôch 11:15 oere sil Ernst Bruinsma fan Utjouwerij Afûk elkenien wolkom hjitte en de presintaasje ynliede. Oanslutend lêst Elske Schotanus in tal fragminten út har boek foar en wurdt it earste eksimplaar oanbean oan Kyra.

Boekgegevens
Titel: Kyra
Auteur: Elske Schotanus
Utfiering: hardcover
ISBN: 978 949 315 980 8
Tal siden: 34
Ferkeappriis: € 15,-
Taal: Frysk
Utjouwerij: Afûk
www.websjop.afuk.frl