Wurkesto mei pjutten? En wolst it Frysk ek in plakje jaan? Dan is de ‘Doch mear mei Tomke’-aktiviteitemap wat foar dy. De fergese aktiviteitemap slut oan op de Nederlânske metoaden en jout suggestjes foar aktiviteiten oan professionals, sadat sy op ienfâldige wize mei de bern mei it Frysk oan ’e slach kinne. Yn de ‘Tomketeek’ fynst dêrneist by alle tema’s digitale Fryske materialen foar pjutten, lykas ferhaaltsjes, ferskes, nifelwurkjes, filmkes, praatplaten, opsisferskes en boeketips. Mear witte oer Tomke foar professionals? Sjoch op tomke.frl.