Foarlêzen fersterket de bân mei dyn bern en is goed foar de opbou fan de wurdskat en fierdere taalûntwikkeling. Foar it twatalich grutbringen fan bern is it aktyf stimulearjen fan de Fryske taal fan de berte ôf belangryk.

Yn de Foarlêsgids stiet ynformaasje oer meartaligens en wurde tips jûn foar moaie, aktuele Fryske berneboeken en foar it foarlêzen oan bern yn alle leeftiden. Besjoch hjir de foarlêsgids fan 2023 of bestel in fergees eksimplaar yn de Afûk-websjop. Is dyn bern trouwens al lid fan de biblioteek? Dêr fynst ek in grut oanbod oan Fryske boeken, en it moaie is: bern oant 18 jier kinne fergees lid wurde!