Fryslân hat al sûnt 2020 syn eigen Berneboeke-ambassadeur! Sûnt jannewaris 2023 is Tialda Hoogeveen Berneboeke-ambassadeur en sy set har yn om lês- en boekewille te fersprieden. En it moaiste is dat sy ek by jim delkomme kin. Sa’n besite is hielendal fergees. Meld jim skoalle, biblioteek of oare organisaasje oan!

Dochsto in berop op de BBA? Leuk! Tialda hat har yn it bysûnder talein op it fuortset ûnderwiis. Sy komt graach by jim del om te fertellen oer hoe moai’t lêzen wêze kin en hokker wrâlden der yn boeken te ûntdekken binne. Yn in op maat makke workshop nimt de Berneboeke-ambassadeur de learlingen mei yn in reis fan boeken en lêzen.

Mear oer de Berneboeke-ambassadeur en oanmelden fynst hjir.