Ast net yn de gelegenheid bist om in groepskursus te folgjen, is it ek mooglik om in selsstúdzje te dwaan. Kinst begjinne as it dy útkomt, en de lessen meitsje yn dyn eigen tempo.
Sjochst de lessen sels nei mei help fan de antwurden efteryn it lesboek. Meist maksimaal 1 jier oer de selsstúdzje dwaan.
Mei EduFrysk, it online learplatfoarm foar de Fryske taal, kinst hielendal sels fia ynternet it Frysk leare. Der is lesmateriaal fan de kursus te finen, en fierder in soad teksten, ferskes, fideo’s en ynteraktive oefeningen en games om it Frysk mei te learen.
Kinst kieze foar in selsstúdzje Frysk ferstean en lêzen, of in selsstúdzje Frysk skriuwen. Der binne ek kursussen Frysk foar Dútsk- en Ingelsktaligen en de Frisian MOOC is in koarte online kursus fan 4 wiken dy’t kursisten de begjinsels fan de Fryske taal en kultuer bybringt.