Lida Dijkstra’s ‘Schaduw van Toet’ op shortlist Thea Beckmanpriis 2023
De winner fan de Thea Beckmanpriis ûntfangt € 1.500,- fan Archeon. Ofwikseljend wurde boeken foar jonge en foar âldere lêzers bekroan. Yn 2023 bekroant de sjuer wurk foar jongeren fan 12 jier ôf. Ein april makke de sjuere de longlist fan tsien nominearre boeken al bekend. De sjuery hat no de shortlist bekend makke.
Els Beerten – De rest van ons leven (Querido, maart 2022)
Lida Dijkstra – Schaduw van Toet (Luitingh-Sijthoff, oktober 2021)
Jean-Claude van Rijckeghem – Onheilsdochter (Querido, mei 2022)
Astrid Sy – Noem geen namen (Luitingh-Sijthoff, april 2021)
Anna Woltz – De Tunnel (Querido, mei 2022)
By dizze fiif titels wurde troch studinten fan de Willem de Kooning Academie koarte animaasjefilmkes makke.
Njonken de folwoeksen sjuery is der ek in jongerensjuery. Dy rikt de Jonge Beckman út, de priis foar it beste hystoaryske jeugdboek neffens de doelgroep sels. In panel fan entûsjaste jongeren lêst de boeken fan de shortlist en kiest dêr in eigen winner út. De winner fan de Jonge Beckman kriget € 1.000,-. Pabo-dosint Emmy Stevens fan Hogeschool Leiden begelaat dy sjuery.
Op sneon 16 septimber is de útrikking fan beide prizen yn it Archeon.
De sjuery bestiet út Hubert Slings (voorzitter), Liselotte Dessauvagie, Rutger van Driel, Inge Mooiman, Monique Veldman en Moniek Warmer.