Lida Dijkstra’s ‘Schaduw van Toet’ wint Thea Beckmanpriis 2023
De winner fan de Thea Beckmanpriis ûntfangt € 1.500,- fan Archeon. Ofwikseljend wurde boeken foar jonge en foar âldere lêzers bekroan. Yn 2023 bekroande de sjuer wurk foar jongeren fan 12 jier ôf. Op de shortlist stiene:
Els Beerten – De rest van ons leven (Querido, maart 2022)
Lida Dijkstra – Schaduw van Toet (Luitingh-Sijthoff, oktober 2021)
Jean-Claude van Rijckeghem – Onheilsdochter (Querido, mei 2022)
Astrid Sy – Noem geen namen (Luitingh-Sijthoff, april 2021)
Anna Woltz – De Tunnel (Querido, mei 2022)
By dizze fiif titels wurde troch studinten fan de Willem de Kooning Academie koarte animaasjefilmkes makke.
De sjuery bestie út Hubert Slings (voorzitter), Liselotte Dessauvagie, Rutger van Driel, Inge Mooiman, Monique Veldman en Moniek Warmer.