Lida Dykstra’s ‘Schaduw van Toet’ ek nominearre foar Woutertje Pieterse Prijs 2022
It is de twadde nominaasje foar dit boek. Earder al waard ‘Schaduw van Toet’ op de shortlist setten foar De Boon yn de kategory berne- en jeugdliteratuer. De Boon is in nije én direkt ek de grutste Flaamske literatuerpriis dy’t op 24 maart foar de earste kear útrikt wurde sil.
Stimme foar de publykspriis fan De Boon kin noch oant 20 maart. Stimme op it boek fan Lida kin fia www.deboon.be.
‘Schaduw van Toet’ is fansels te keap yn ús boek-en kadowinkel yn Ljouwert of fia www.websjop.afuk.frl.