LIT-UP, nij Europeesk projekt foar literatuerpromoasje
Doel is om yn ’e mande mei seis oare Europeeske partners ta strategyen te kommen om literatuer yn minderheidstalen en lytse talen yn Europa better foar it fuotljocht te krijen op de nasjonale en ynternasjonale merk, en dêrta in duorsum ynternasjonaal netwurk op te bouwen. De oare partners yn it projekt binne organisaasjes út Kataloanië, Baskelân, Galisië, Servië, Slovenië en Korsika.
Tryntsje van der Steege is fanút Ljouwert City of Literature belutsen by LIT-UP: “Benammen de Basken en de Katalanen hawwe yn relatyf koarte tiid in grutte groei meimakke yn it tal skreaune literêre wurken yn harren taal en wat harren posysje op de ynternasjonale merk oanbelanget. Dêr kinne wy in soad fan leare. En meidat Ljouwert UNESCO City of Literature is, hawwe wy in unike posysje yn dit netwurk, dêr’t de oare partners ek harren foardiel mei dwaan kinne. Tegearre mei Boeken fan Fryslân bringe wy in soad ûnderfining mei op it mêd fan boek- en literatuerpromoasje, tink oan projekten lykas de Dichter fan Fryslân, de Berneboeke-ambassadeur, de Taalkaravaan en it ferhaleprojekt Uitgesteld Geluk.”
Op it festival yn Valencia wurde der foar de dielnimmende partnerorganisaasjes workshops en trainingen organisearre op it mêd fan boekpromoasje en it opsetten fan in Europeesk netwurk. Dêrneist wurde der literêre eveneminten organisearre om alle partijen mei-inoar yn kontakt te bringen en om sjen te litten wat literatuer yn lytse talen allegear te bieden hat. Alle projektpartners sille dêrby alle kearen in skriuwer mei syn/har útjouwer ôfreizgje litte om diel te nimmen oan de gearkomsten. Fanút Fryslân is dat diskear skriuwster en oankommend Berneboeke-ambassadeur Tialda Hoogeveen. Yn it neijier fan 2023 komme de projektpartners nei Fryslân.
LIT-UP, dat rint o/m begjin 2025, falt ûnder it Creative Europe Programme en wurdt sadwaande stipe troch de Europeeske Uny. Sjoch foar mear ynformaasje oer LIT-UP op https://litup-project.eu.