Nasjonale Boekewike moanne útsteld
In pear dagen lyn binne de regels fersoepele mar der binne noch hieltyd beheinings: winkels meie iepen oant op syn letst 17.00 oere én mei in lytser tal besikers. Dat hat fan gefolgen dat de sektor net it ûnderste út de kanne helje kin, sa stelt CPNB-direkteur Eveline Aendekerk. “De Boekenweek is van groot belang voor het hele boekenvak, maar met name voor de fysieke boekhandel en de makers die zo afhankelijk zijn van de vele optredens in zo’n week.”
It evenemint stiet no pland fan 9 oant en mei 18 april. De Nasjonale Boekewike soe ynearsten hâlden wurde fan 5 oant en mei 13 maart.
Literêre jûn fan Boeken fan Fryslân mei Ilja Leonard Pfeijffer
De literêre jûn fan Boeken fan Fryslân op sneon 12 maart mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2022, Ilja Leonard Pfeijffer, komt mei dit beslút op dy dei te ferfallen. Der wurdt socht nei in nije datum.