Nei 25 jier gjin nije aventoeren mear fan Bear Boeloe
Der binne noch 13 nije ôfleveringen makke mei de bekendste bear fan Skiermûntseach. Dy binne yn de rin fan dit jier op telefyzje te sjen. Bear Boeloe sil net hielendal út de programmearring stappe by Omrop Fryslân. Sa is hy mei syn freonen noch te sjen yn it berneprogramma Sokkebalje en binne de útstjoeringen online werom te sjen fia Omropfryslan.nl en Skoal.tv.
Bear Boeloe wike
Om it 25-jierich jubileum te fieren is der in spesjale Bear Boeloe wike by Omrop Fryslân. Fan 13 oant en mei 17 jannewaris traktearret de Omrop sawol de lytste fans as de gruttere leafhawwers op in fûgelflecht út it bestean fan Bear Boeloe. Alle dagen is Bear Boele mei in pear ôfleveringen werom op it âlde fertroude tiidstip: 18.45 oere. De wike begjint mei de alderearste trije ferhalen út 1995 en sil fia lettere ôfleveringen (om de 200e, 400e en 600e hinne) útkomme by de alderlêste (nije) ôfleveringen. Dêrnjonken meitsje fans yn it radioprogramma Weistra op Wei kâns op offisjele tekeningen fan Bear Boeloe.
Berneprogramma fan de Omrop
Bear Boeloe is it programma fan Omrop Fryslân foar bern fan 3 oant 6 jier. Yn de ferhalen fan Bear Boeloe komme faak maatskiplike ûnderwerpen oan bar, dy’t op in moaie manier ferpakt wurde. Sa binne se nijsgjirrich foar de bern, mar mei in knypeach nei de folwoeksenen. Yn de 25 jier hat Helena de Boer, de tekeneresse en skriuwster, 785 ferhalen makke en hawwe Leny Dijkstra en Feije van der Meer soarge foar hast 60 stimmen. De rezjy wie al dy jierren yn hannen fan Feije van der Meer.
Ek yn boekfoarm
De ferhaaltsjes fan Bear Boeloe binne net allinnich op de televyzje te sjen, mar guon dêrfan ferskynden ek yn boekfoarm. De moai útfierde printeboeken yn mearkleuredruk, de yllustraasjes hat De Boer ek fersoarge, waarden útjûn troch de Afûk, tusken 1995 en 2004 kamen der fiif ferskillende titels op de merk.