Nij ferskynd by de Afûk

Boeken fan Fryslan Frije tiid
5 maart 2021
By útjouwerij Afûk binne fannewike wer twa moaie nije boeken ferskynd: ien foar lytskes en ien foar grutten. Stikelbarchje Prikkeprik is in moai, stevich kartonboekje mei gedichtsjes oer bisten foar pjutten fan 1 jier ôf. Om is de nije roman fan Geart Tigchelaar wêryn't hy inkelde ûnderfinings dy't hy yn syn fytsreizen opdien hat, ferwurke hat ta in - sa't er it sels neamt - psychologyske fytsroman.

Giesto nei dyn holtsje
moai lyts stikelboltsje
kom stikelbarchje prik prik prik
sille wy boartsje do en ik?

Stikelbarchje Prikkeprik is in waarm boekje mei ritme en rym om de alderlytsten genietsje te litten fan taal en natuer. De gedichtsjes binne fan Baukje Wytsma. Keapje it yn ús websjop.

 

Geart Tigchelaar en syn fyts. Stadichoan is dat in bekend span wurden. Op basis fan syn eigen ûnderfiningen skreau hy syn nije roman. Stap by haadpersoan Ate efterop en fyts mei troch Dútslân, Denemarken en Sweden. Ate is nammentlik fan doel en fyts nei de Noardkaap, om sa ôf te weven mei syn ferline.

Op syn fytsreizen stipet Geart Tigchelaar altiten it goede doel Cycling out of Poverty. No’t er net op de fyts fuort kin, docht er dat mei syn nije roman.

Foar elke Om dy’t besteld wurdt, giet der € 2,00 nei Cycling out of Poverty! Foar mear ynformaasje en it boek bestelle sjochst yn ús websjop!