Nij ferskynd by de Afûk: it printeboek ‘Pim en Pier’
Pim en Pier binne twa mantsjepinguins. Se binne altyd byelkoar. Pim soe hiel graach in pykje útbriede wolle mei Pier, mar hoe moatte se dat ha? En soene se it pykje dan wol tegearre grutbringe kinne?
Joke Scheffer (learkrêft basisûnderwiis, taalkoördinator en lêsspesjalist) skreau it boek nei oanlieding fan in krante-artikel oer twa mantsjepinguins yn in dieretún dy’t altyd byelkoar wiene. Op in dei foel it de oppassers yn de dieretún op dat se om ’e beurt probearren in stien út te brieden. Doe’t der in wyfkepinguin wie dy’t har aai net útbriede woe, besleaten de oppassers om it aai oan dy beide mantsjes ta te betrouwen. En it slagge harren om dat út te brieden! Yllustrator Wim Swart soarge foar de fleurige tekeningen.
Download hjir in moaie tekening fan Pim en Pier!
Boekgegevens ‘Pim en Pier’
Auteur: Joke Scheffer
Yllustrator: Wim Swart
Utfiering: ynbûn, 36 siden
Leeftiid: 3-6 jier
ISBN 978-94-93318-33-5
Ferkeappriis: € 13,95
www.websjop.afuk.frl