Nij gedicht Dichter fan Fryslân
De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma, oer har nije gedicht: ‘Hast oeral is it bedwelmjend hyt en drûch. Tagelyk giet de ‘hillige’ oarloch fan Ruslân mei Oekraïne ûnfersteurd troch en jout in neismaak oan it simmergefoel. De daamopblazing liket al wer ferdampe nei de opskuor in pear hûndert kilometer fan Moskou. Perfoarst gjin komkommertiid.’
De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.