Nij gedicht Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan
20 july 2022
‘De wierheid’ is it nijste gedicht fan Sigrid Kingma as Dichter fan Fryslân. Hjoed ek te lêzen yn it Friesch Dagblad, de Leeuwarder Courant en op de webside fan Omrop Fryslân. It gedicht is skreaun nei oanlieding fan de patstelling op it stuit yn de stikstofkrisis. De Dichter fan Fryslân, Sigrid Kingma: 'De stikstofkrisis hâldt politisy en boeren dwaande. Belanghawwenden stean tsjinoer elkoar wylst de ko as sûndebok brûkt wurdt. It liket in patstelling. Soms freget in probleem om kreatyf omtinken. Wat wol de ko eins? Soe dat net in stap foarút wêze?'

De wierheid

Stikem wolle se dûke yn struken
efter wylgeroas yn de elzen krûpe
skûlje foar strielen en spielende jûndieven
teanneils slite oan rouwe woartels
fan it blêdetek oer de earen hinne.

By tsjuster wol it keal de teisters
yn mem har skurte drukke sa
slûch nei de molkemoanne slikje
de tonge strekke en priuwe
oan de kâlde nacht as beamryp iis.

In bolle wol syn sketen
net op de pûster fleane litte
gjin weake kak as salmiak
op it lân klibberje mar
fersideplak fine foar sykjende miggen.

Swart-wyttinkers dreame licht
fan ienfâld en gelok
fan eartiids alles better
en hâlde fan bijen
mar soms dreame kij ek
fan strúkdûke bygelyks.

De Nederlânske oersetting troch Tsjerk Veenstra en de Ingelske oersetting fan Trevor Scarse binne werom te lêzen op de webside fan Dichter fan Fryslân.