Nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân

Boeken fan Fryslan
9 juny 2021
Hjoed yn de Leeuwarder Courant, it Friesch Dagblad en op de webside fan Omrop Fryslân in nij gedicht fan de Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. It gedicht ‘Lok‘, diskear mei in breder maatskiplik tema oer kânsûngelykheid yn it ûnderwiis troch ôfkomst of achtergrûn.

Lok

wêr’t har mem berne is

yn dat lytse hûs
yn ‘e Stellingwerven

of folle súdliker
op dy krappe keamer
mei sicht op ‘e bergen

seit it wat?

oer har kânsen
oer it lok dat se fine sil
oer it jild dat derfoar opbrocht wurde moat
oer de rûmte dy’t se harself
tadichtsje doart

fansels kinst sizze, wat is in kâns eins?

en wat is lok?

pas folle letter
as se self achterom begjint te sjen
sil se it witte

ferwachting
dy’t op de iene of oare manier
in paad fynt

Sjoch ek www.dichterfanfryslan.nl.