Bern yn Fryslân skriuwe harren libbensferhaal yn in meartalige provinsje. Dat begjint by de berte. En mei in kado fol taal. In taalkado foar no en letter.

De ynwenners fan Fryslân hawwe yn it deistich libben op ien of oare wize te krijen mei meardere talen. Dat binne op it foarste plak it Frysk en it Nederlânsk, mar yn in soad gefallen ek noch in streektaal of in bûtenlânske taal. De provinsje Fryslân sjocht dat taalferskaat as rykdom en as in kâns foar de ûntwikkeling fan bern. Dêrom biedt de provinsje Fryslân âlders fergees in bertepakket oan, it Taalkado.

It Taalkado bestiet út in moaie kartonnen bewardoaze mei ynformaasje oer û.o. meartalich opfieden en taalûntwikkeling mar ek in tal leuke en praktyske artikels lykas in feestlik flaggelyntjse, in Tomke kartonboekje, in sêfte koesdoek, in set fleurige herinneringskaarten en noch folle mear.

Wannear en hoe krigest it Taalkado?
Do krigest it Taalkado foar dyn berntsje asto oanjefte dochst fan de berte by ien fan de Fryske gemeenten (mei útsûndering fan gemeente Weststellingwerf en de waadeilannen). Fynt de berte-oanjefte plak oan de baalje fan it gemeentehûs, dan sil de amtner fan de boargerlike stân nei de formaliteiten, it Taalkado útrikke. Dochst digitaal berte-oanjefte dan kinst it Taalkado op in letter momint, as it dy útkomt, ophelje by dyn gemeente.

De Afûk hat yn 2020 op nij de opdracht fan de provinsje krigen om it projekt foar de kommende fjouwer jier foar harren út te fieren. Mei fragen of suggesjes kinst dêrom telâne by de provinsje Fryslân fia it mailadres taalkado@fryslan.frl. Kontakt opnimme mei de Afûk kin ek. Dat dochst fia sjoukje.jager@afuk.frl.