PRESENT (‘Hier Nu!’), in bysûndere les yn boargerskip
Op woansdei 17 april 2024 eindiget dit unike projekt, dat op sosjale media begûn, mei in grutte byienkomst fan 450 Firda-studinten yn Stadsschouwburg De Harmonie yn Ljouwert.
Yn stevige taal en mei hurde aksjes rôp Darshan Boerema yn de ôfrûne wiken op sosjale media jongeren op om yn aksje te kommen tsjin ‘boomers’, dy’t allinnich mar yn ’t paad sitte en wegerje romte te meitsjen. Of, sa’t hy it seit yn syn earste fideo fan de rige PRESENT (‘Hier Nu!’): ‘Sy hawwe it hiel goed en meitsje ûndertusken ús en de wrâld stikken’.
Dêrnei kaam Darshan yn aksje en rôp er oare jongeren op om mei him te striden foar frijskatting fan stúdzjeskulden, fergees iepenbier ferfier, in better minimumlean foar alle ‘shit-jobs’ en mear ûnderwerpen dy’t studinten rjochtstreeks reitsje. Dy items waarden dêrnei geregeld besprutsen yn de lessen boargerskip by Firda. Hat er gelyk? Hoe kin it oars?
Mear as 1 miljoen kear waarden de filmkes fan Darshan besjoen op sosjale media. Se lieden ta sa’n 1400 reaksjes, dy’t hiel wikseljend fan toan wienen, en ek in lytse 20.000 likes. TikTok wie in wichtich platfoarm as it giet om reaksjes. Op Instagram waard foaral de Fryske ferhaalline fan mbû’er Klaske, dy’t har oansleat by de aksjes, in soad folge.
Yn de klassen dêr’t studinten yn it ramt fan boargerskip oan ’e slach giene mei PRESENT (‘Hier Nu!’), wie in nije post dan ek hieltyd it startpunt fan it petear. En dat wie ek de opset. Wie dat echt? Nee! Yn dit projekt wie alles – fan begjin oant ein – hielendal spile!
No séls oan it wurd
Hjoed, moandei 15 april, set Darshan Boerema syn lêste fideo online. Dêryn jout er oan dat dêrmei syn bydrage oan PRESENT (‘Hier Nu!’) ôfrûn is en hy fertelt ek yn ynterviews by Omrop Fryslân oer it wat en wêrom fan syn bydrage oan dit projekt. Hy sil ek ferwize nei de gearkomste yn Stadsschouwburg De Harmonie, dêr’t studinten fan mbû-kolleezje Ljouwert-Súd op woansdei 17 april as earste Firda-studinten útdage wurde sille om oan te jaan wat sy séls mei harren takomst wolle.
De organisaasje fan dat evenemint is yn hannen fan Tienskip, dat jongeren yn ’e kunde komme lit mei polityk en wat sy dêryn betsjutte kinne. Tienskip is in wichtige partner yn PRESENT (‘Hier Nu!’), wêryn’t fierder de Afûk, Omrop Fryslân en Firda nau mei-inoar oparbeidzje. Dat falt foar in grut part ûnder de flagge fan ‘Wy binne mbû’. Dat gearwurkingsferbân draait om persoansfoarming, praktykûnderfining en meartalige ûntwikkeling yn it Fryske beropsûnderwiis.
De Afûk ûntwikkele yn gearwurking mei dosinten boargerskip fan Firda lesmaterialen om studinten neitinke te litten oer harren identiteit en harren plak yn de mienskip en de maatskippij. Lessen oer bygelyks ynklusy, mentale en fysieke sûnens, rjochspraak. Mar ek oer wat dyn idealen binne en hoesto dy ynsette kinst foar en yn de mienskip. Alle kearen wie in nije post fan Darshan it startpunt fan it petear. De lessesearje wurke ta op in grutter doel: de kommende wiken sille de studinten op Tienskip-dagen oplossingen betinke foar alderhande maatskiplike tema’s dy’t sy sels oandroegen hawwe.
By it evenemint yn Stadsschouwburg De Harmonie wurdt ek it meartalige boek No Present, by Klaske presintearre, dat bliuwend te brûken is yn de lessen boargerskip. Fierder is it wurd op dy dei foaral oan de jongerein. Wat fine sy? Wêr wolle sy foar stride? Yn groepen krije sy fan 11 oere ôf alle romte om eigen plannen te meitsjen en út te wurkjen, om oan ’e ein fan it evenemint op in grutte ideeëmerk te presintearjen wat sy wichtich fine.
Nei dy start yn Ljouwert steane de studinten fan mbû-kolleezjes It Hearrenfean (15 maaie), Drachten (22 maaie), Snits (5 juny) en Ljouwert-Noard (12 juny) foar de útdaging om mei ferrassende plannen te kommen.
Sjoch ek dit artikel op de website fan Omrop Fryslân.