Omtinken foar Fryske taal en kultuer yn 2e edysje ‘Stap de Rode Loper!’ yn Ljouwert
Fan ‘t jier besteget ‘Stap op de Rode Loper!’ ekstra omtinken oan de Fryske taal en kultuer. Sa sil Tialda Hoogeveen – okkerdeis útroppen ta Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân – mei learlingen yn petear oer har boek Wurden fan Timo. Auteur Hilda Talsma jout lêzings yn it Frysk en der binnen workshop fan de bekende singer/songwriter Bruno Rummler. Marten Winters nimt de learlingen mei yn in workshop oer de Fryske taal yn de iepenbiere romte. Tryater lit learlingen boartsje mei de Fryske taal. De musea fersoargje ynspirearjende workshops midden yn de kolleksje.
De Nederlânske taal komt likegoed oan bod. Learlingen moetsje young adult auteurs lykas
Chinouk Thijssen, Margje Woodrow, Cis Meijer en Gideon Samson (syn boek Zwarte zwanen
is troch Geart Tigchelaar yn it Frysk oersetten). Rappers en Spoken Word artysten út it hiele lân fersoargje ynteraktive workshops.
Wêrom ‘Stap op de Rode Loper!’
De Underwiisynspeksje kaam koartlyn mei de ferûntrêstende konklúzje dat 25% fan alle 15 – jierrigen in lêsefterstân hat. Vmbo’ rs – hast 50% fan alle learlingen yn it fuortset ûnderwiis – driigje hielendal bûten de boat te fallen. De koronakrisis hat se boppedat swier troffen. Is it slim dat jongeren net lêze? Ja! Want mei lêzen ûntwikkelje je feardichheden dy ‘t ûnmisber binne om folweardich oan de maatskippij diel te nimmen. By vmbo’ers wurdt thús faak net lêzen. ‘Stap op de Rode Loper!’ lit learlingen op in ynspirearjende dei yn ‘e kunde komme mei letteren, lêzen en (Fryske) taal. Alle aktiviteiten steane programmearre yn kulturele ynstellings, de learlingen komme dêrmei ek yn ‘e kunde mei in foar harren faak ûnbekende kulturele wrâld.
Lokaasjes
Stadsschouwburg de Harmonie, Fries Museum, Fries Verzetsmuseum, Slieker Film,
Neushoorn, Natuurmuseum Fryslân, dbieb Leeuwarden, Tresoar, Keramiekmuseum
Princessehof, Afûk, Tryater & Meeuw JTS.
Sjoch ek: stapopderodeloper.nl.