Foto: © Mirjam van der Meer

Oprop: 100 paradyslike tunen socht foar fertellen ferhalen ‘Utsteld gelok’

Frije tiid
4 febrewaris 2022
Ljouwert UNESCO City of Literature siket 100 paradyslike tunen yn hiel Fryslân foar it projekt 'Utsteld gelok'. Yn de tunen wolle sy yn de 100 dagen fan it kulturele programma Arcadia, fan 7 maaie oant 14 augustus 2022, alle dagen ien fan harren 100 nije koarte ferhalen fertelle oan it publyk. Faaks kin dat yn dyn tún!

100 ferhalen yn 100 dagen, op 100 spesjale lokaasjes
De tunen kinne blommetúnen, bosktunen, grientetunen, binnentunen, byldetunen of teetúnen by minsken thús wêze, mar ek folkstunen (doch mei mei it hiele kompleks!) of tunen of parken fan bedriuwen of ynstellings. It fertellen fan it ferhaal kin ek diel útmeitsje fan de programmearring fan in evenemint of festival. Tink oan de sfear fan in hûskeamerkonsert, mar dan mei in ferteller, yn de tún.

Sjoch foar de wichtichste ynformaasje, betingsten én oanmelden op www.leeuwardencityofliterature.nl.