Sykje nei:

Der is wer in nije heit&mem!

In moai nij simmernûmer fan de heit&mem leit wer fergees op in hiel soad plakken troch hiel Fryslân foar dy klear. Dit kear giet it yn de heit&mem oer: it analysearjen fan bernetekeningen, it Berne Iepenloftspul, oer jong mem wurden, foto’s fan bern mei bisten, de nijs Fryske berneboeken en noch folle mear!

Lansearring ynteraktive Keimpe-sykplaat op CBS It Fûnemint

Tegearre mei IVN (Instituut Voor Natuureducatie) hat de Afûk in nije ynteraktive sykplaat ûntwikkele fan Keimpe de Krokodil, oer it tema ‘greide en boulân’. Yn dy sykplaat komme in soad fûgels foar, lykas de ljurk en de skries, mar ek wurden lykas aaisykje en neisoarch komme oan bod. Mei de ynteraktive sykplaat wolle IVN en […]

Nij ferskynd by de Afûk: it ‘Simmerboek’

Nei it sukses fan it ‘Winterboek’, dat útkaam yn de hjerst fan 2022, is no it ‘Simmerboek’ ferskynd! Ek it Simmerboek sit wer fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar bern fan 2 o/m 6 jier. Alle ferhaaltsjes en gedichtsjes binne spesjaal skreaun foar dit Simmerboek.