Nij ferskynd by de Afûk: it ‘Simmerboek’
It simmerboek is in ‘dochboek’ fol mei ferhaaltsjes, gedichtsjes, ferskes, spultsjes en nifelwurkjes, foar bern fan 2 o/m 6 jier. De skriuwers dy’t dêroan meiwurke ha, binne: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje. De yllustraasjes yn it Simmerboek binne makke troch: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn. Omdat yn it boek in soad spultsjes en nifelwurkjes te finen binne, is it in moai ‘dochboek’, bygelyks foar yn ’e simmerfakânsje. It boek is foar € 9,99 te keap fia websjop.afuk.frl en fansels ek yn de Afûk-winkel yn Ljouwert.
Foarlêsmoarn
Op freed 14 juny fan 10.30-11.30 oere wurdt yn de Afûk-winkel de ‘Simmermoarn mei Tomke’ organisearre foar bern fan 2 o/m 6 jier. Der wurdt dan foarlêzen út it Simmerboek en de bern kinne in moai nifelwurkje meitsje. Miskien wurdt it wol wat leuks foar heitedei! Fansels is Tomke der ek by en kinne de bern mei him op ’e foto. Oanmelde foar de foarlêsmoarn kin troch in mailtsje te stjoeren nei ynfo@tomke.frl, mei dêryn de namme(n) en leeftiid fan it/de bern.
Boekgegevens ’Simmerboek’
Auteurs: Riemkje Pitstra, Geartsje Douma, Berber Spliethoff en Reina&Greetje
Yllustratoaren: Anna Sikkes, Luuk Klazenga, Aart Cornelissen, Berber van den Brink en Marije Koelewijn
Utfiering: Softcover, 96 siden
Leeftiid: 2 o/m 6 jier
ISBN: 9789493318359
Ferkeappriis: € 9,99
www.websjop.afuk.frl