Sykje nei:

Winkelje

Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken, sawol foar folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs mei in Frysk tintsje. Boppedat binne der Frysktalige cd’d, dvd’s en games te krijen. En wa’t gek is op Tomke hat yn de winkel ek kar-út!De Afûkwinkel is te finen […]

Musea

Yn Fryslân binne in hiel soad musea dy’t fertelle oer de (lokale) skiednis en omjouwing en dy’t keunst of samlingen tentoanstelle. Wy ljochtsje hjir 3 musea út dy’t gean oer de skiednis fan Fryslân en it Frysk: it Fries Museum yn Ljouwert, it Cultuur Historisch Centrum De Tiid yn Boalsert en museum Hert fan Fryslân […]

Muzyk/sjonge

Muzyk wurdt oeral makke, ek yn Fryslân en yn it Frysk. Muzyk foar alle leeftiden en yn alle soarten en maten: koaren, korpsen, bands, singer/songwriters, (sjong)festivals, konserten, modern, tradisjoneel, eksperimenteel, snoeihurd … Kinst yn Fryslân alle kanten op, ek wat muzyk oanbelanget.

Spultsje dwaan

Spultsjes foar lyts en grut binne der ek yn it Frysk, sawol digitaal as fysyk.

Radio en tv

De measte Frysktalige radio en telefyzje wurdt fersoarge troch Omrop Fryslân. Omrop Fryslân is de iennichste omrop dy’t net yn it Nederlânsk útstjoert. De Omrop biedt alle dagen in grut ferskaat oan radio- en tv-programma’s en is ek online hiel aktyf.

Deropút

Deropút yn Fryslân is mear as de muoite wurdich. Wy jouwe hjir in oersjoch fan (typysk) Fryske en (Frysk)talige aktiviteiten en/of eveneminten mar fansels is der yn Fryslân noch folle mear te dwaan en te belibjen. In soad wille tawinske!