Yn de Afûk boek- en kadowinkel yn Ljouwert kinst terjochte foar Fryske boeken of boeken oer it Frysk en Fryslân foar sawol folwoeksen as bern, mar ek foar kreamkadootsjes, klean en sûvenirs; koart sein álles mei in Frysk tintsje. De Afûkwinkel is te finen oan de Bûterhoeke 3 yn Ljouwert, mar ek yn de webshop is alles te krijen.

Yn de Leeuwarden Cityguide fynst in moai oersjoch fan wat der allegear yn Ljouwert noch mear te shoppen mar ek te sjen, te dwaan en bygelyks te iten is. Fansels, Fryslân hâldt net op by Ljouwert; der binne noch 10 prachtige stêden en in hiel soad moaie doarpen dêrst ek ‘te kust en te keur’ kinst!