Yn Fryslân binne in hiel soad musea dy't fertelle oer de (lokale) skiednis en omjouwing en dy't keunst of samlingen tentoanstelle. Wy ljochtsje hjir 3 musea út dy't gean oer de skiednis fan Fryslân en it Frysk: it Fries Museum yn Ljouwert, it Cultuur Historisch Centrum De Tiid yn Boalsert en museum Hert fan Fryslân yn Grou. Apart omtinken jouwe we hjir ek oan Tresoar. Net echt in museum mar wol it bewarplak fan de Fryske skiednis yn Ljouwert.

Fries Museum

Fan Mata Hari oant Grutte Pier, alle ikoanen út Fryslâns ferline komst tsjin yn it Fries Museum. Hjir fynst alles oer de alve stêden en it plattelân, de haat-leafdeferhâlding mei it wetter, en de syktocht nei it Frysk-eigene en it plak fan Fryslân yn de wrâld.

Cultuur Historisch Centrum De Tiid yn Boalsert

Sûnt septimber 2021 is it eardere Gysbert Japicxhûs – museum, Fryske tekstwinkel, sûvenirwinkel en VVV-kantoar yn it bertehûs fan Gysbert Japicx – ûnderdiel fan Cultuur Historisch Centrum De Tiid yn Boalsert. Gysbert Japicx is de grûnlizzer fan it hjoeddeistige Frysk. Libben en wurk fan Gysbert Japicx hawwe no in plak yn de fêste kolleksjepresintaasje fan De Tiid. De Gysbert Japicx Holckema Stichting dy’t as doel hat om de neitins oan de Boalserter Fryske dichter Gysbert Japicx yn eare te hâlden en earder it behear hie oer it hûs fan Gysbert, wurket dêrnjonken oan projekten op it mêd fan taal, meartaligens en edukaasje. Dy projekten wurde no ek organisearre út De Tiid wei. Sjoch ek www.gysbert.frl.

Hert fan Fryslân

Yn it sûterrên fan it âlde gemeentehûs yn Grou fynst museum Hert fan Fryslân. Der binne eksposysjes oer typysk Fryske en Grouster tema’s, lykas wetter, de Halbertsma’s en Sint Piter, en in kolleksje diggels, goud, sulver en tekstyl út it legaat fan frou Attje Gaastra.

Tresoar

Tresoar is it bewarplak fan de skiednis fan Fryslân. Do fynst hjir in grut tal yn Fryslân ferskynde kranten en tydskriften, hûnderttûzenen boeken wêrûnder eksimplaren út de biblioteek fan Erasmus, tsientûzenen foto’s, films, lûdsopnamen, rjochtbankferslaggen, notariële akten, de Atlas fan Blaeu, hânskriften en brieven fan bekende Friezen en noch folle, folle mear! ​Tresoar is ìt plak dêrsto ynformaasje sjochst, fynst en hearst oer dyn êftergrûn, dyn hûs, dyn doarp en miskien sels in stikje fan dyn eigen identiteit. Regelmjittich organisearret Tresoar aktiviteiten foar jong oant âld: konserten, lêzingen, útstallings, edukative projekten, bernekolleezjes.