Skoaloptredens fan Dichter fan Fryslân grut sukses
De Dichter fan Fryslân biedt twa ferskillende lesprogramma’s oer poëzy foar basisskoallen oan. Sa bringt se learlingen en leararen op in tagonklike wize mei poëzy yn de kunde en lit se sjen wat it effekt fan poëzy wêze kin. De lesprogramma’s besteane út in optreden en les yn ien.
De Dichter fan Fryslân fersoarget yn totaal 13 workshops oer poëzij. Fan Sint Anne oant Nijeholtpade. Hjoed bringt se in besite oan Basisschool De Romte yn Itens.
Mear witte oer de Dichter fan Fryslân? Sjoch dan op dichterfanfryslan.nl.