Stypje dyn boekhannel!
De boekhannels hawwe it net maklik. Ferline jier wie it al tige dreech, mar dizze lockdown soarget foar noch mear swierrichheden. De winkels kinne net iepen of sels mar in loket oan ‘e doar bemanje. No’t it dúdlik is dat de lockdown noch wiken langer duorje sil, is it net wis oft alle boekhannels by machte binne om dêrnei noch iepen te gean. Noch te bestean, te oerlibjen. Wolst aanst wer live tusken de boeken sneupe, dan is it needsaaklik om no de boekhannel te omearmjen en stypjen. Bestel in boek, hjoed noch.
Keapje no in boek
Sjoch op de webside fan de boekhannel, mail, belje en bestel. Keapje dyn kado’s foar it hiele jier foarút of keapje in boek datsto sels al in skoft graach hawwe woest. De measte boekferkeapers besoargje sels of hawwe in entûsjast team fan frijwilligers klear stean om dyn bestelling rap by dy thús te bringen. Wachtsje net mei it oanskaffen fan dyn nije boeken oantsto wer yn de boekhannel tusken de titels snuffelje kinst, want dy kâns krigesto faaks net mear. Keapje nó in boek en stypje dyn boekhannel. Sjoch hjir foar in oersjoch fan ferkeappunten fan Fryske boeken.
#koopnueenboek #steunjeboekhandel
steunjeboekhandel.nl